Ynvestearders krije jild werom
Ynvestearders yn de film Soldaat van Oranje 2 krije in grut part fan har jild werom. De jildsjitters hienen fia de Friesland Bank de film stipe.
De produksje gie net troch om in konflikt mei produsint Rob Houwer. Hy krijt in skeafergoeding. De film soe gean oer Erik Hazelhoff Roelfzema yn de Molukse ûnôfhinklikheidsstriid.