Gearwurking fjouwer gemeenten

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân ha tiisdei in konvenant tekene. Dêryn ha de gemeenten fêstlein dat se mear gearwurkje sille. It giet foaral om grutte gemeentlike saken lykas automatisearring, brânwacht en salarisadministraasje.
Doel fan de gearwurking is jild te besparjen. Op lange termyn ha de bewenners der profyt fan.