Man stoarn nei falpartij

01 okt 2002 - 00:00

In man fan 83 jier út Ljouwert is moandei oan de gefolgen fan in ûngelok ferstoarn. Hy wie fan syn fyts fallen nei't er ôflaat wie troch it roppen fan in frou. Se rôp har hûn. De man seach om om te sjen wêr't it lûd weikaam. Hy ferlear doe de macht oer it stjoer.

Hy rekke ferwûne en is nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht. Letter op de jûn is er oan syn ferwûningen ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)