Protest tsjin megabasisskoalle

01 okt 2002 - 00:00

De Drachtster wyk De Folgeren is tsjin de bou fan in megabasisskoalle yn har buert. De gemeente Smellingerlân wol de besteande twa skoallen yn ien gebou ûnderbringe, mei berne-opfang derby.

De bewenners binne benaud dat de skoalle te grut wurdt. Se tinke ek dat it problemen foar it ferkear opsmyt. De bewenners protestearje tiisdei by de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)