Jong Hearrenfean - Feyenoord 2-2
Jong Hearrenfean spile moandei yn Rotterdam mei 2-2 gelyk tsjin Jong Feyenoord. Jos Hooiveld en René van der Wey skoarden foar Jong Hearrenfean.
Jong Cambuur die it minder. Cambuur spile thús tsjin jong Volendam. De Ljouwerters ferlearen mei 4-1. Jong Volendam is koprinner yn 'e beloftekompetysje en wie dúdlik te sterk foar Jong Cambuur.