Krityk fytsedragers ûnterjochte

01 okt 2002 - 00:00

Fabrikant Spinder yn Drachten is net bliid mei de tv-útstjoering fan it TROS-konsuminteprogramma Kassa fan snein. Dêryn wurde de fytsedragers fan it fabryk as ûnfeilich bestimpele.

Unterjochte, sa fynt Spinder, want it giet oer in searje dy't makke is yn 1994. Dêrnei binne de problemen ferholpen. Mooglik wurdt de searje dochs noch weromroppen nei it fabryk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)