Koffer mei jild stellen
Ut in wente oan 'e Ljouwerter Grinzerstrjitwei is in koffer mei jild stellen. Dêryn sieten in pear tûzen euro. De bewenners fan it hûs hearden de dief fuortrinnen doe't se thúskamen.
Se hawwe de man noch achternei sitten, mar koene him net te pakken krije. De dieder koe doe útnaaie op de fyts. Hy wie de wente ynkommen troch in rút yn te slaan.