UPC wol útstel fan betelling

01 okt 2002 - 00:00

Kabelbedriuw UPC wol útstel fan betelling oanfreegje. UPC hat dit besletten nei oerlis mei de oandielhâlders. UPC stiet 8,9 miljard euro yn it read en wol dizze skuld fia in surséânse flugger saneare.

UPC seit dat de útstel fan betelling gjin gefolgen hawwe sil foar de abonnees. Nei de operaasje wol UPC fierder ûnder de namme 'New UPC'.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)