Fietsedieven oanholden

30 sep 2002 - 00:00

De plysje hat yn Ljouwert acht jongeren oanholden. Se wiene belutsen by it stellen fan scooters en fytsen, yn en by de wyk Bilgaard.

Twa fan de stellen scooters binne werom fûn yn de Dokkumer Ie. It measte oare guod is net werom fûn. De acht ha foar tûzenen euro's skea oanrjochte. De jongeren binne tusken de tolve en sechtjin jier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)