Lichem fermiste frou fûn
Moandeitemoarn is yn in maisfjild by Sumar it stoflik omskot fan in frou fûn. It giet om in frou út Ljouwert dy't al twa moanne fermist waard.
De frou, 47 jier, gie op 31 july yn ferwarde tastân fan hûs wei. Sûnt dy tiid wie der neat mear fan har fernommen. De plysje giet der fan út dat der gjin sprake is fan in misdriuw.