Nijbou foar skoalle?

© Omrop Fryslân
As is it oan direksje en meisizzenskipsried fan De Potmargeskoalle leit, krijt de skoalle in nij gebou. Alders wiene benaud dat de Ljouwerter skoalle slute soe, mar neffens de direksje hat dêr nea sprake fan west.
It is de bedoeling dat de skoalle, dy't no op twa lokaasjes sit, op ien sintrale lokaasje komt. Der soe ek in pjutteboartersplak by komme moatte.