Goede prestaasje Weening

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema is twadde wurden by de Tour de Seine et Marne yn Frankryk. De trijedaagse waard snein ôfsletten mei in etappe en in tiidrit.
Yn de etappe wie der net ien dy't by it peloton weiried. Se einigen 'as ien man'. It slagge Weening ek net om fuort te kommen. Yn 't tiidrit waard Weening sechsde. De oerwinning gie nei Niels Schuurman fan Veendam.