Fertochten moard Tibetaan oppakt

30 sep 2002 - 00:00

Der binne twa manlju oanhâlden foar de moard op de 45-jierrige Tibetaan dy't by Burgum yn it wetter lei. Se binne fan Aziatyske komôf, ien komt út Sina.

It duo soe de Tibetaan yn it azc yn Burgum deadien hawwe en dêrnei yn in plestik pûde yn it PM-kanaal smiten hawwe. Syn skonken waarden dit wykein fûn. De plysje siket tsjûgen fan de sleperij mei de deade man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)