Berneboekewike yn Menaam
Dat bern hieltyd minder lêze, mei troch kompjûterspultsjes en tv, is al gjin nijs mear. Dochs is der alle jierren in berneboekewike. Dy wurdt offisjeel woansdei iepene.
Op de Eben Haëzerskoalle yn Menaam binne se moandei al út ein set. It tema dit jier is 'Aye aye kapitein'. Yn de Menamer skoalle steane boaten en de bern sille nei it skûtsjemuseum.