Nije ekologyske suvelfabryk
Moandei is de earste echte molke yn it nije ekologyske suvelfabryk op bedriuweterrein De Kavels op It Hearrenfean ferwurke. It fabryk is fan Henri Willig dy't ek in tsiismakkerij hat yn Katwoude. In part fan dy produksje wurdt nei It Fean brocht.
It fabryk sette út ein mei de produksje fan biologysk-dynamyske molke. Dêrnei folget de ekologyske molke.