Ekstra drokte by teory-eksamen

30 sep 2002 - 00:00

It CBR yn Ljouwert belibbe moandei de drokste dei fan 't jier. Der kamen kloften minsken dy't alle war diene om it teory-eksamen noch te heljen.

Tiisdei begjint it teory-eksamen nije styl lykas yn Europeesk ferbân ôfpraat. In soad minsken binne benaud dat dit nije eksamen dreger is as it âlde. Mar trije fan de 50 fragen feroarje, mar net elk wit krekt hoe't it sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)