Iepen Universiteit Ljouwert slút

© Omrop Fryslân
De Iepen Universiteit yn Ljouwert giet ticht. It kolleezje fan bestjoer hat dat besletten omdat der dan jild oerbliuwt dat yn oare festigings ynvestearre wurde kin.
Dat is nedich om't de Iepen Universiteit modernisearje moat om goed ûnderwiis oanbiede te kinnen. Seis fan de 18 festigings slute. De 752 Fryske studinten moatte nei Grins of Swolle.