Drachtster Boys wint derby

29 sep 2002 - 00:00

Drachtster Boys hat sneon de Fryske derby yn de haadklasse C wûn mei 2-1 fan de Harkemase Boys.

Richard van der Wal makke yn de njoggende minút it earste doelpunt foar de Drachtster Boys, Dennis Jansen makke noch ien yn de 55e minút. Foar de Harkemase Boys makke Wierd Kuipers noch krekt ien doelpunt foar de ein fan de wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)