Skonken fûn fan Tibetaan
De plysje hat sneon twa skonken fûn yn de jachthaven by Burgum. Neffens it IM binne de lichemsdielen frijwol seker fan de Tibetaan út it asylsikerssintrum.
It stoflik omskot fan de man waard tiisdei fûn yn in plastik pûde yn it wetter yn Burgum. It slachtoffer miste syn skonken. De plysje ûndersiket de moardsaak mei tweintich man.