'Beatrix moat Frysk prate'

© Omrop Fryslân
De Keninginne soe in part fan de Troanrede yn it Frysk útsprekke moatte. Dat sei foarsitter Roel Falkena fan de Stichting Slach by Warns. By de stien op it Reaklif waard sneon de Slach út 1345 betocht.
Neffens Falkena ha pommeranten in foarbyldfunksje. As Beatrix en ek kommissaris Nijpels mear Frysk prate, sille mear boargers ek it Frysk brûke.