Ludyk protest op Aldehou

28 sep 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In groep klimmers hat sneon de Aldehou yn Ljouwert beklommen. Dêrmei freegje de fjirtjin sportive weachhalzen omtinken foar in klimmuorre yn de stêd.

Sûnt de sluting fan it klimsintrum op it Kealledykje moatte de klimmers no nei Grins om har hobby te beoefenjen. Se wolle dat it gemeentebestjoer jild útlûkt foar in muorre yn de Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)