Loftmacht oefenet mei marine

© Omrop Fryslân
De fleanbasis Ljouwert docht takom wike mei oan de oefening 'Falcon Nut' boppe de Noardsee. Dat smyt ekstra oerlêst op foar de omwenjenden, al sil dy neffens wurdfierder Smedema minimaal wêze.
Alle dagen dogge der tusken de twa en de seis F16's mei oan de oefening. Der binne ek Ingelske helikopters by. De oefening moat de gearwurking tusken marine en loftmacht ferbetterje.