Snieûlen meie net fuort

27 sep 2002 - 00:00

De Fûgelhelling yn Oerterp is teloarsteld yn it ministearje fan natoerbehear. Dat wol gjin tastimming jaan om twa snieûlen út te setten yn it Noard-Finske Laplân.

De bisten kamen ferline jier septimber ferswakt yn it fûgelasyl, mar no binne se genôch oansterke. It ministearje tinkt dat se better nei in bistetún ta kinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)