Oanhâldings yn Damwâld
De plysje hat acht minsken oanholden yn Damwâld, foar oerlêst. Se soene ynbrutsen en stellen hawwe om drugs betelje te kinnen. Boppedat wurde se beskuldige fan fernielings.
By in frou dy't yn it sikehûs lei, ha de manlju yn 'e hûs mei in bile allegear fernielings oanrjochte. Twa fertochten sitte noch fêst, de seis oaren binne earst wer frijlitten.