Trouwe op de Kalkman

27 sep 2002 - 00:00

As it oan de FNP yn Dongeradiel leit, kin der tenei troud wurde op de Kalkman oftewol de Ingelsmanplaat. Dat it in grutte sânplaat tusken Skiermûntseach en it Amelân. It drenkelingehúske kin sa behâlden wurde. It wurdt ek wolris brûkt foar fûgeltellers.

Wethâlder Boorsma is posityf oer it foarstel. Hy hat tasein de mooglikheden te besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)