Skilderijeprojekt wike ferlinge
It keunstprojekt fan skilder Hakze op Skylge bliuwt in wike langer te sjen. Hakze lit de skilderijen dy't er makke op muzyk fan Sánder Veress in wike langer stean om't der in hiele soad belangstelling foar is. Der komme in pear hûndert minsken deis op ôf.
Nei ferwachting is kommende snein it lêste doek klear. De folsleine eksposysje is oant 5 oktober te sjen.