Seksje pleegd op lyk Burgum

26 sep 2002 - 00:00

Ut seksje op it lyk dat tiisdei yn it PM-kanaal fûn waard, docht bliken dat it om in blanke man fan tusken de 30 en de 50 jier giet. It lichem fan de man hie gjin skonken mear. Hy hat koarter as fjirtjin dagen yn it wetter lein.

De plysje is wis fan in misdriuw. It stoflik omskot waard fûn yn in blauwe plastic sek, dy't ferswierre wie mei stiennen. 25 resjersjeurs dogge ûndersyk

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)