Geiten meane plantsoen Ljouwert

26 sep 2002 - 00:00

Fiif geiten diene tsjinst as meanmasine yn it Ljouwerter Van Mierevelt-plantsoen. De gemeente hie der al hiel lang net meand. De omwenners woene mei de aksje de gemeente dochs safier krije.

Wethâlder Sluiter fûn de situaasje yn it plantsoen ek ûnakseptabel. De geiten wiene noch mar amper oan 't wurk, doe't gemeentewurkers it gers der ek weihelje soene. Dat slagge net, it stie te heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)