Vesuvius betellet skea net
Aldjiersploech Vesuvius yn Elslo is net fan doel om de skea te beteljen dy't oanbrocht is oan it byld fan Rinus Michels. De ploech hie it byld ferline jier mei âld en nij stellen fan de KNVB yn Zeist.
Neffens Vesuvius hat de ploech gjin skea oanrjochte oan it byld. De KNVB bringt Vesuvius lykwols 1700 euro yn rekken. Advokaten bûgje harren deroer.