Plattelânsbelied: te min natuer

© Omrop Fryslân
Yn de nijste plattelânsnota fan de provinsje wurdt fierstente min omtinken jûn oan natuer en kultuer. Dat fine tal fan maatskiplike organisaasjes lykas Soune Groun en Alde Fryske Tsjerken.
Woansdei presintearre deputearre Bijman yn Blessum de konsept-nota foar it plattelânsbelied. De prioriteit komt by de leefberens fan doarpen te lizzen. De steaten stimme yn desimber oer de nota.