Deadsoarsaak noch net bekend

26 sep 2002 - 00:00

De plysje kin noch net sizze hoe't de twa minsken dy't woansdei dea fûn binne op 'e Jouwer, om it libben kommen binne. It giet om in man fan 32 en in frou fan 23 út Sri Lanka.

De frou wenne op 'e Jouwer mei har soantsje fan 4. De man wenne noch hieltyd yn Sri Lanka, mar stie ferline wike yniens foar de doar. Nei alle gedachten giet it om in crime passionel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)