Grûndepot Wide Pet ferpleatst

© Omrop Fryslân
It grûndepot oan de Wide Pet yn de Harkema wurdt ynkoarten ferpleatst nei Lutkepost. Dat hat de gemeente Achtkarspelen bekend makke.
It depot wurdt brûkt foar de opslach fan oerstallige skjinne grûn. Der binne in soad klachten fan de omwenjenden fan de Wide Pet, om't it stoart midden yn in wenwyk leit. De nije opslach wurdt yn 2005 yn gebrûk nommen.