Monumint foar Fryske wurkkampen
Yn Ljouwert wurdt wurke oan monuminten foar de joaden dy't yn 'e oarloch yn in Frysk wurkkamp sitten ha. It giet om in glêsplaat mei teksten oer de oarloch. It earste monumint wurdt nije wike ûntbleate yn De Fochtel.
It grutte publyk wit mar amper dat der yn Súdeast-Fryslân trije lytse wurkkampen wiene: yn Blesdike, De Fochtel en Elslo.