Hermans kandidaat-senator

© Omrop Fryslân
Ald-minister Loek Hermans fan ûnderwiis wol de Earste Keamer yn foar de VVD. De Sweachster stiet op 'e kandidatelist dy't syn partij woansdei publisearre hat. De Earste Keamer wurdt takommend jier nei de steateferkiezings keazen troch leden fan Provinsjale Steaten.
Hermans waard earder dit jier yn 'e Twadde Keamer keazen, mar hy luts him yn 'e simmer ûnferwachts werom.