Deade minsken fûn op 'e Jouwer

25 sep 2002 - 00:00

Yn in wente oan de Pier Panderstrjitte op 'e Jouwer binne woansdeitemoarn in man en in frou dea oantroffen. It giet nei alle gedachten om twa ynwenners fan Sri Lanka. De plysje hat de strjitte ôfset en ûndersiket de saak.

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân is troch de plysje op 'e hichte steld en hat skokt reagearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)