Untslaggen by Tichelaar

24 sep 2002 - 00:00

Tegelfabryk Tichelaar yn Makkum moat ynkrimpe. Fan de 82 meiwurkers krije fjirtjin dien. Der wurdt minder ferkocht, yn Europa likegoed as yn Amearika, wat te krijen hat mei de tsjinfallers yn de bou.

Direkteur Tichelaar ferwachtet dat de omset no wer groeie sil. Yn 1981 wie der ek al in massa-ûntslach. Doe krigen 90 fan de 180 wurknimmers dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)