Saak-Eringa foar de rjochtbank

24 sep 2002 - 00:00

Nynke Eringa focht tiisdei foar de rjochtbank har ûntslach as trou-amtner oan. De gemeente Ljouwert wol har dien jaan om't se wegeret homopearen te trouwen. Eringa wol witte hoe't de gemeente mei gewissebeswieren omgiet.

Neffens de gemeente is Eringa juridysk sjoen gjin echte amtner, dus is Ljouwert net oanspraaklik. Oer 6 wike docht de rjochtbank útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)