SCI'ers iens mei sosjaal plan

© Omrop Fryslân
De mearderheid fan it personiel fan SCI is moandei akkoart gien mei it sosjaal plan. Fakbûnen en direksje waarden it dêr ferline wike oer iens. Neffens it plan krije wurknimmers by ûntslach in 40% hegere fergoeding as gebrûklik.
De regeling jildt ek foar minsken mei in tydlik kontrakt. Fierder binne der ôfspraken oer it begelieden fan minsken nei in oare baan.