Skea troch nijbou Dokkum
De bou fan it nije gemeentehûs yn Dokkum soarget foar oerlêst. Minsken klaaie oer it lawaai en guon histoaryske huzen fersakje of krije skuorren yn de muorre.
De gemeente hat tasein alle skea te fergoedzjen. Hoe't de gemeente de skea goedmeitsje sil is ûndúdlik. Tiisdei is der in ynformaasjejûn, om mear ûnrêst foar te kommen.