Hurdfytsen

© Omrop Fryslân
Yn Erm wie it lêste hurdfytskritearium fan it Noarden fan dit seizoen. De oerwinning gie nei Marcel Luppes út Hoogeveen. Bêste Fries wie Germ van der Burg út Folsgeare mei in tredde plak.
It klassemint fan alle kritearia yn Drinte waard wûn troch Tim Hiemstra fan Drachten. Op it NK foar studinten yn Grins waard Eelke van der Wal út Holwert 21e. Maarten Lenferink wûn.