Tinga tredde op WK yn Nice
Tiedo Tinga fan De Lemmer is tredde wurden op it WK triatlon yn Nice. De atleten moasten 4 km swimme, 120 km fytse en 30 km hurdrinne. Syn frou Yvonne Tinga foel net yn 'e prizen.
Yn 'e oergongsklasse kuorbal wûn Drachten sneontejûn mei 25-12 fan Marfûgels. Stânfries en Blau Wyt wûnen ek. Ferlies wie der foar De Lege Geaen en LDODK.