Swarte Cross tenei Frije Cross

De Swarte Cross fan Blije hjit tenei de Frije Cross. Dat hat de organisaasje sneontemiddei bekend makke.
De namme moast feroare wurde omdat de organisaasje fan de Zwarte Cross yn it Gelderske Lichtenvoorde dat woe. Dat festival is mei goed 150.000 besikers it grutste motorcrossevenemint fan Europa. De motorcrosswedstriden yn Blije bestean sûnt 2002.