Minder smoargens yn 'e berm

22 sep 2002 - 00:00

De kampanje fan Rykswettersteat tsjin rotsoai by de dyk lâns is in sukses. Ut stekproeven docht bliken dat der no al 40 persint minder ôffal leit. Rykswettersteat wurket gear mei de stichting Nederland Schoon. Mei buorden wize se automobilisten derop dat it stafber is om smoargens wei te smiten. De kampanje duorret noch oant en mei heal november.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)