Hearrenfean opnij ûnderút

22 sep 2002 - 00:00

It giet net goed mei de sportive prestaasjes fan SC Hearrenfean. De ploech fan Foppe de Haan ferlear snein opnij, diskear yn Kerkrade fan Roda JC. It wie it fjirde ferlies op rige.

Yn in matige wedstriid makke Soetaers yn 'e 24e minút it doelpunt foar de Limburgers. De supportersclub fan Hearrenfean die dit wykein in oprop achter de club stean te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)