Trochriden nei ûngelok

22 sep 2002 - 00:00

In dronken Akkrumer (31) is sneintemoarn trochriden nei in oanriding by Klaverblêd It Hearrenfean. By de ôfslach nei Ljouwert ried er mei syn auto achterop in Ljouwerter (58).

Eefkes letter waard de auto sûnder Akkrumer weromfûn by in sleat by syn wenplak. By de oanhâlding ûntkende er letter it ûngelok. De man moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)