Betrape snorfytser krijt ûngelok

22 sep 2002 - 00:00

In snorfytser (48) is yn 'e nacht fan sneon op snein ferwûne rekke op de Kanaalwei yn syn wenplak Harns. Hy skrok sa fan in plysjeauto dat er tsjin in betonnen râne fan in minyrotonde op knalde en foel.

De man wie dronken, mar wegere in asemtest. Hy is nei it MCL yn Ljouwert oerbrocht en krige in proses-ferbaal, ek al omdat er net iens ride mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)