Oerlêst troch Bakkefeansters

© Omrop Fryslân
In tal jonges út Bakkefean hat sneon foar oerlêst soarge yn Waskemar. Se stutsen jûns let fjoerwurk ôf op strjitte en kegelen mei in bakstien in rút yn by in 73-jierrige Waskemarster.
Jonges út it doarp setten dêrop de achterfolging yn op de Bakkefeansters. De plysje hâlde in 14-jierrige Bakkefeanster oan dy't it rút ynsmiten hie. De saak wurdt neier ûndersocht.