Brânstichting op Skiermûntseach

22 sep 2002 - 00:00

Op Skiermûntseach binne sneon twa Grinslanners oppakt foar brânstichting. Se wurde derfan fertocht in hok achter in hûs oan de Middenstreek oanstutsen te hawwen. De twa manlju, fan 20 jier, waarden troch in ynwenner fan Skiermûntseach fûn doe't se leine te sliepen yn in oar hok. De Grinslanners wiene op it eilân foar in famyljereuny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)