Fersetsman Scheepstra begroeven
Op Skiermûntseach is sneon Liepke Scheepstra (83) begroeven. Hy wie yn de oarloch in ferneamd fersetsman.
By de begraffenis wiene in soad âld-fersetsstriders. By it grutte tal krânsen dat lein waard, wiene twa fan it keninklik hûs. Scheepstra hie in goede bân mei Prins Bernhard en wie ien fan de pear boargers dy't de militêre Willemsorde krigen ha.