Haadklassers buorkje goed

© Omrop Fryslân
De Fryske haadklassers ha sneon goede saken dien. De Harkemase Boys wûnen yn Dronten mei 0-2. Dêrmei kaam Dronten noch goed wei. Drachten fersloech thús ACV, ek mei 2-0.
De Harkemase Boys draaie mei de winst goed mei yn de top fan de haadklasse. De ploech stiet nei fjouwer wedstriden mei tsien punten twadde, achter Putten. De Drachtsters steane yn de middenmoat.